Apotheker fersmyt krityk

Hayo Apotheker © ANP
Boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân kin him net fine yn it artikel fan NRC Handelsblêd fan sneon yn ferbân mei fraude by enerzjybedriuw Rendo. Dat lit er witte yn in brief oan de gemeenteriedsleden. Apotheker wie yn dy tiid presidint-kommissaris by Rendo. De direksje fan it bedriuw soe fraudearre hawwe by saken mei Electrabel en Stramproy Green Investments.
Apotheker is bot rekke troch de byldfoarming dy't no ûntstien is. Hy lit witte dat de ferkeap fan it leveringsbedriuw fan Rendo oan Electrabel hielendal neffens de regels gien is.
It leveringsbedriuw fersoarget de ferkeap fan gas en elektrisiteit oan konsuminten.