Ferlies Flyers yn Tilburg

18 feb 2013 - 08:06

De iishockeyers fan de UNIS Flyers koene it sneintejûn tsjin de nûmer twa Destil Trappers Tilburg net oprêde. De útwedstriid waard mei 5-0 ferlern. De perioadestannen: 2-0, 1-0 en 2-0. De Flyers, de nûmer trije, wurken hurd foar in goed resultaat, mar wiene op it iis de mindere. It twadde plak yn de kompetysje is no út it sicht foar de ploech fan Chris Eimers. De kâns is grut dat beide ploegen inoar wer treffe yn de play-offs, Tilburg hat dan it thúsfoardiel. Yn de reguliere kompetysje moatte noch trije wedstriden spile wurde.

Trefwurden: 
Flyers iishockey
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)