Trije manlju yn auto oppakt

Plysjemotor © Omrop Fryslân
Op de Dammeleane by de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert binne sneintemiddei trije manlju yn in auto troch de plysje oanhâlden. De plysje seach oan it kenteken fan de auto dat de eigener noch in boete iepenstean hie. De auto waard dêrom ta stilstân twongen. De bestjoerder moast mei nei in plysjeburo. Oer de oare twa ynsittenden bestie ek twifel en dêrom moasten sy ek nei it plysjeburo. De auto is yn beslach naam.