Hearrenfean ferliest fan ADO

SC Hearrenfean hat snein mei 2-1 ferlern fan ADO Den Haach. Yn it Kyocerastadion tekene Sven Kums binnen it kertier foar de 0-1. Tsjin de ferhâldings yn sette Danny Holla ADO út in klutsbal op 1-1.
De 2-1 fan Alfred Finnbogason waard fuort dêrnei ôfkard fanwege triuwen. ADO profitearre optimaal troch foar rêst de 2-1 te meitsjen. In reade kaart foar Joey van den Berg soarge der boppedat foar dat Hearrenfean mei 10 man fierder moast.
Nei rêst krige Hearrenfean genôch kânsen op de lykmakker, mar de twadde Feanster treffer bleau út.
Troch it ferlies belânet de ploech fan Marco van Basten djipper yn de degradaasjesône. SC Hearrenfean dielt no it 14e plak mei PEC Zwolle.