Wüst op koers foar WK-titel

17 feb 2013 - 14:32

Ireen Wüst hat har liedende posysje by it WK allround yn Hamar fierder ferstevige. De rydster fan It Hearrenfean wûn de 1500 meter yn in tiid fan 1.56.30. Dêrmei wie se krekt wat rapper as de Russise Yekaterina Shikhova, dy't 1.56.31 klokte. Linda de Vries waard tredde mei in tiid fan 1.57.46.

Yn it algemien klassemint hat Wüst in romme foarsprong op de nûmer twa, Shikhova. Op de ôfslutende 5 kilometer ferdigenet de rydster fan TVM in foarsprong fan 7,79 tellen op de Russise. Diane Valkenburg stiet nei trije ôfstannen op it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)