Frjentsjerter trije kear fout

17 feb 2013 - 13:47

In dronken Frjentsjerter waard sneontenacht troch de plysje snipt by Makkum. Hy waard oanhâlden by De Holle Poarte. Bliken die dat de man fierste folle dronken hie. Hy krige in rydferbod fan njoggen oeren.

Wat ek noch oan it ljocht kaam, wie dat de man ried mei in ûnjildich rydbewiis. Boppedat joech ek noch in falske namme op. Njonken it rydferbod krige de Frjentsjerter ek in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Makkum dronken falske namme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)