Drugsduo pakt yn Berltsum

17 feb 2013 - 12:58

In frou fan 18 jier út Brantgum en in 23-jierrige Ternaarder binne sneontenacht oanhâlden foar harddrugs. In portier fan in diskoteek yn Berltsum kontrolearre it taske fan de frou en fûn dêr tsien wikkels mei nei alle gedachten kokaïne yn en ek noch tsien xtc-pillen.

De twa binne oerdroegen oan de plysje en nei it plysjeburo brocht foar ûndersyk. Se krigen in proses-ferbaal. De drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)