Rydbewizen yn beslach naam

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon it rydbewiis en de auto fan in ynwenner (38) fan Koarnjum yn beslach nommen. De plysje seach him oer de Brédyk riden en sette him oan de kant foar in kontrôle. It die bliken dat er tefolle dronken hie. De man is nei it plysjeburo brocht foar in blaastest. Hy krige in rydferbod fan 11 oeren en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.
In 33-jierrige ynwenner fan Snits is by Wurdum syn rydbewiis kwytrekke. De plysje seach him oer de N32 by de Werpsterhoeke riden mei in gong fan 125 km yn de oere. Dêr is 70 it maksimum.