Cambuur yn selde opstelling

17 feb 2013 - 12:42

Cambuur spilet moandei yn de thúswedstriid tsjin FC Eindhoven yn deselde opstelling as freed tsjin MVV. De Ljouwerters wûnen dy wedstriid mei 2-1. Eindhoven ferlear mei 6-1 fan Sparta en is de nûmer lêst fan de Jupiler Leaque. Neffens trainer Alfons Arts is der gjin sprake fan ûnderskatting fan de tsjinstanner. "Eindhoven heeft een talentvolle, jonge ploeg, die goed kan voetballen. Wij moeten gewoon weer van onze eigen kracht uitgaan en dan ben ik er van overtuigd dat wij de wedstrijd kunnen winnen", sa sei Arts nei de training fan snein.

Opstelling Cambuur: Telgenkamp; Droste, Van der Laan, Dijkstra, Bijker; El Makrini, Bakker, Keurntjes; Tigadhouini, Hemmen, Schokker.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)