Aris maklik lâns Den Helder

Aris Ljouwert joech tsjin Den Helder benammen yn de earste twa kwarten gas. Nei 27-16 stie der healwei 49-22 op it skoareboerd fan It Kealledykje. Dêrnei naam de ploech fan coach Erik Braal it wat te maklik op. Yn it lêste kwart makken de gasten sels alve punten op rige, mar yn gefaar kaam de fjirtjinde winst fan it seizoen net. De einstân waard 86-60. Aris stiet op in dield fjirde/fiifde plak, tegearre mei Zwolle.