LDODK wint rom fan DVO

LDODK hat sneon in belangrike en moaie oerwinning helle tsjin DVO: 25-19. Yn sportsintrum Koartsweagen krige de thúsploech mei Henk Bijker op it plak fan Markus de Boer nei 7-7 de guit. It waard 10-7 en healwei stie der sels 15-9 op it skoareboerd. Dy marzje koene de kuorballers fan trainer Jan Sjoerd Pool maklik fêsthâlde. Erwin Zwart wie mei njoggen treffers tûk, yn it oare fak skeaten André Zwart (6) en Menno Russchen (5) mei skerp. Foar LDODK wie it de tredde winst yn de kuorbal league. Twa kear spile de ploech lyk. LDODK is no achtste.