Harkiten net foarby Sparta

Harkemase Boys hat sneon mei 2-2 lykspile tsjin Sparta Nijkerk. Yn Nijkerk kamen de Boys al nei 10 minuten op efterstân. Klaas Schotanus skeat út in foarset fan Simon Schreiber de lykmakker binnen. In twadde treffer fan de thúsploech waard ôfkard, wêrnei't Age Hains Boersma de Harkiten foar rêst ferrassend op foarsprong sette.
Nei it skoft setten de Boys it goede spul troch. Johnsen Bacuna en Raymond Bolt wienen tichtby de 3-1. De Harkiten lieten harren de tsiis lykwols fan de bôle ite troch Sparta, dat tsjin de ferhâldings yn de 2-2 makke.