Teloarstellend 0-0 lykspul ONS

16 feb 2013 - 17:01

Koprinner ONS Boso Snits hat sneon mei 0-0 lykspile tsjin de nûmer trije SVZW. Op it Sudersportpark begongen beide ploegen rommelich oan de topper. Domper wie de blessuere fan Sandor van der Heide, dy't net fit oan de wedstriid begong en ferfongen waard troch Harvey de Boer. Nettsjinsteande de hege ferwachtings bleau de spanning út.

Nei it skoft krige it publyk wat mear aksje te sjen. De grutste kânsen op de iepeningstreffer wienen foar Curty Gonzales, mar hy makke gjin doelpunt. Ynfaller Mark de Vries koe ONS ek net oan de winst helpe.

Troch ferlies fan grutte konkurrint Berkum bliuwt ONS koprinner yn de haadklasse C.

ONS Boso Snits presintearre dizze middei in tal nije spilers foar takom seizoen. De Snitser haadklasser kontraktearre Tjisse Kerkstra dy't oerkomt fan sneinsearsteklasser De Jouwer en Rolf Dijk dy't treddeklasser Oerterp ferwikselet foar ONS Snits.

Trefwurden: 
fuotbal ONS haadklasse c
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)