Utnaaier botst op plysje-auto

16 feb 2013 - 15:43

In plysjeman is sneontemoarn ferwûne rekke op de sneldyk A50 by Hattemerbroek by Zwolle. Dat barde doe't de plysje in 37-jierrige autobestjoerder út Wolvegea oanhâlde woe. Dy negearre de stoptekens fan de plysje en naaide út. By Hattemerbroek botste er op in plysje-auto dy't him tsjinhâlde woe.

De man waard twongen om syn auto oan de kant te setten. Dêrby is sketten en rekke de plysjeman ferwûne. Oft de agint troch eigen fjoer rekke is, is noch net bekend. De automobilist út Wolvegea rekke licht ferwûne troch de botsing.

De Wolvegeaster is nei it plysjeburo fan Zwolle oerbrocht. Wêrom't de man de auto net stilsette woe, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)