Twamansbob 17e yn wrâldbeker

Bobslydzjen, twamansbob, Sybren Jansma, Edwin van Calker © Marc van Veen
Bobslider Sybren Jansma fan De Pein is tegearre mei stjoerman Edwin van Calker as 17e einige yn it einklassemint fan de wrâldbeker. It twatal slute de lêste wedstriid yn it Russyske Sochi sneon ôf mei in 15e plak.
De twamanswedstriid waard wûn troch de Switsers Beat Hefti en Thomas Lamparter, dy't de konkurrinsje fier efter harren lieten. It Dútske twatal Thomas Florschütz en Andreas Bredau einigen op it twadde plak. It brûns wie foar de Letten Oskars Melbardis en Daumants Dreiskens.
De Kanadees Lyndon Rush stelde mei remmer Jesse Lumsden de einoerwinning yn de wrâldbeker feilich troch as fjirde te einigjen.
Snein stiet de finale foar de fjouwermansbob op it program.