Bestelbus klapt op oanhingwein

Fytser oerfallen yn fytstunnel © Omrop Fryslân
In 34-jierrige Warkumer is freedtenacht op de Aldewei yn Makkum oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed. De man wie mei syn bestelbus tsjin in oanhingwein botste en dêrnei trochriden. Doe't de plysje op it plak fan de oanriding oankommen wie, seagen se dat de bestjoerder te gean weromkaam. Dúdlik waard dat er tefolle dronken hie. Dêrfoar krige hy in proses-ferbaal en in rydferbod.