Each yn each mei ynbrekker

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket in ynbraak yn in wenning oan de Bomstrjitte yn Harns. Dêr waard freedtejûn om sawat acht oere ynbrutsen.
De 83-jierrige bewenner lei al op bêd doe't er leven hearde. Hy gie derôf en skrok doe't de sliepkeamerdoar iepengie en hy tsjinoer de fertochte kaam te stean. De ynbrekker naaide hurd út sûnder wat mei te nimmen. De bewenner hat oanjefte dien.