DIeven pakt nei achterfolging

De plysje hat freedtemiddei op de rûnwei fan Snits trije Poalske manlju oanhâlden. Dy wurde fertocht fan it stellen fan kuolfloeistof by in tankstasjon yn Middenmear. Doe't de meiwurker harren oanspruts waard dy bedrige mei in fjoerwapen en naaiden de manlju út. De pompmeiwurker belle de plysje en joech kenteken en sinjalemint troch.
De plysje ûntduts de manlju op de A7 by Surch en joech de manlju stoptekens, mar dêr waard net op reageard. Yn Snits slagge it om de manlju oan te hâlden. De fertochten binne ynsletten.
De plysje wol noch graach yn kontakt komme mei in frou dy't by de oanhâlding yn it nau kaam te sitten tusken de plysje en de fertochten.