Alkoholtest foar skoalfeest

16 feb 2013 - 00:35

Op It Hearrenfean moasten freedtejûn hûnderten learlingen fan it Bornego College in alkoholtest ûndergean foardat sy talitten waarden op it skoalfeest yn De Swetser. De test waard ôfnaam troch de plysje. De ferslavingssoarch wie der ek by. Bûten fong it promoasjeteam De Nuchtere Fries de jongerein op.

Foar alle belutsenen op It Hearrenfean wie it in nije oanpak om foar in alkoholfrij feest te soargjen. Wa't in slok op hie, kaam der net yn. Boppedat waarden de âlden belle as it om bern ûnder de 16 jier gie.

Alle partijen joegen oan dit sa wol faker dwaan te wollen. Yn totaal binne der 24 learlingen fuortstjoerd, omdat sy alkohol dronken hienen. Fan harren wiene sân noch gjin sechstjin jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)