Cambuur wint topper by MVV

15 feb 2013 - 21:56

SC Cambuur hat de útwedstriid tsjin MVV fertsjinne mei 2-1 wûn. Erik Bakker waard yn de 83e minút in lokkich man. Hy sette nei in moaie kombinaasje mei Martijn Barto de Ljouwerters op foarsprong. Dyselde Bakker hie in better Cambuur al earder op foarsprong sette moatten. Yn de 58e minút mocht er in strafskop nimme, neidat er delhelle wie troch Kjell Knops. Keeper Bram Castro stie yn 't paad, hy kearde de ynset. Doe't Barto yn de 89e minút de twadde Cambuurgoal makke wie it dien, al skoarde Sven Braken dêrnei de 'earetreffer' foar MVV.

Cambuur komt nei de winst op 33 punten út 18 wedstriden, goed foar it sechsde plak. MVV sakket fan it twadde nei it tredde plak. De ploech hat 38 út 19 wedstriden. Sparta bliuwt koprinner nei de 6-1 winst tsjin Eindhoven. De Rotterdammers ha 42 punten út 20 wedstriden. Helmond Sport is nei in 4-3 oerwinning op Emmen de nije nûmer twa mei 40 út 21 wedstriden. Moandeitejûn spilet Cambuur yn it eigen stadion de ynhelwedstriid tsjin Eindhoven.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)