Ferhuzing Haskerdiken net wis

Ferskate keamerleden binne kritysk oer hoe't it doarp Haskerdiken by de gemeentlike weryndieling ferhúzje moat nei de gemeente Hearrenfean. Dat die freed bliken by in besite fan de keamerkommisje binnenlânske saken. De keamerleden sille by de behanneling fan de wet weryndieling nei alle gedachten krityske fragen oer de kwestje stelle. Dat betsjut dat de ferhuzing noch net fêststiet, seit de foarsitter fan de kommisje, Magda Berndsen.
Pleatslik Belang Haskerdiken fynt dat de wize wêrop't it doarp nei Hearrenfean ferhúzje moat net doocht.