Bringbrommer moaiste nije wurd

15 feb 2013 - 16:28

Heitydei, bringbrommer of apesturter, dat binne in pear fan de nominearre wurden, dy't de titel nij Frysk wurd út it nijs fan 2012 krije koenen. De wedstriid is foar de tredde kear útskreaun en freedtemiddei wie de priisútrikking.

It winnende Fryske wurd fan dit jier is 20 kear ynstjoerd. It winnende wurd wie bringbrommer foar it Nederlânske bezorgbromfiets. Neffens de sjuery is dit wurd tige brûkber. Boppedat alliterearret it moai. De priis gie nei Henk Wolf. Hy hie njonken bringbrommer ek noch ferskate oare suggestjes ynstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)