Keamerfragen oer justysjebanen

15 feb 2013 - 16:12

De VVD en de PvdA yn de Twadde Keamer hawwe fragen steld oan minister Opstelten oer it ferdwinen fan it Iepenbier Ministearje út Ljouwert. Sa wolle ûnder oare Aukje de Vries (VVD) en Lutz Jacobi (PvdA) witte oft it wier is dat de 60 meiwurkers fan it IM tenei har wurk fanút Grins dwaan moatte. Ek wolle de partijen witte wat dit betsjut foar Ljouwert as folweardige justysjestêd.

Fierder freegje se har ôf oft der oan Ljouwert tasizzings dien binne as it giet om it behâld fan wurkgelegenheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)