Vitens nominearre foar priis

15 feb 2013 - 15:00

Wetterbedriuw Vitens is fjouwer kear nominearre foar in ynternasjonale ynnovaasjepriis. Sa is in projekt yn Noardburgum yn de race foar de priis. Yn in proeftún docht Vitens dêr ûndersyk nei de mooglikheden om mei sensoaren yn it liedingnet de kwaliteit fan en de fraach nei wetter te mjitten.

Dêrmei kin wurke wurde oan in tûkere wetterfoarsjenning. De prizen wurde kommende woansdei útrikt yn Madrid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)