Brânstofdieven oppakt

De plysje hat tongersdeitemiddei yn Dokkum twa manlju (28 en 30) sûnder fêst wenplak oppakt op fertinking fan it stellen fan brânstof. In tsjûge seach dat de manlju dwaande wiene mei it jitten fan brânstof yn in fet, dat yn de laadromte fan in bedriuwswein stie.
De tsjûge belle de plysje op 112 en joech ek it kenteken troch. In plysje hâlde de auto even letter oan op de Lauwersseewei. Yn de auto stie it fet mei 600 liter brânstof. De fertochten binne oppakt en nei it plysjeburo brocht. Bedriuwswein en brânstof binne yn beslach nommen.