Krityk Dockinga op gemeente

De gemeente Dongeradiel moat him folle mear ynsette foar goeie skoalgebouwen. Dat seit de direkteur fan it Dockinga College yn Dokkum en Ferwert. De skoalmienskip trúnt der al skoften by de gemeente op oan dat der wat bart oan in pear lokaasjes dy't der min oan ta binne.
Mar oanfragen foar jild om saken op te knappen waarden ôfwiisd of bedarren yn in laad. De direkteur en ek it bestjoer fan it Dockingakolleezje ferwite ûnderwiiswethâlder Boorsma dat er de ôfrûne jierren te min dien hat oan de situaasje.
De skoallemienskip wol dêrom graach sels it sizzenskip ha oer it budzjet dat der is foar ûnderwiishúsfesting; troch-desintralisearje, hjit dat. Wethâlder Boorsma hat yntusken tasein dat er nei de mooglikheden sjen sil om wat oan de gebouwen te dwaan.