Bouwers melde har by tsjerke

15 feb 2013 - 12:20

De boubedriuwen steane yn 'e rige om de ferline wike ôfbaarnde katolike tsjerke op It Amelân wer op te bouwen. De Clemenstsjerke waard ferline wike foar in grut part yn de jiske lein. By de parochy melde harren in soad oannimmers dy't yn dizze tiden fan krisis sitte te springen om wurk.

Ek de fiif bou-ûndernimmingen op it eilân self wolle hiel graach harren eigen tsjerke wer opbouwe.

Trefwurden: 
boubedriuw tsjerke It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)