10 ûngelokken troch glêdens

15 feb 2013 - 11:14

Der hawwe tongersdei neffens de plysje sa'n tsien ûngelokken west as gefolch fan de snie en de glêdens. Twa minsken rekken ferwûne. Yn Damwâld gie it om in frou dy't mei har auto tsjin in oarenien oan botst wie, trochdat se by it ôfremjen trochglied.

Op De Jouwer rekke in man ferwûne by in botsing trochdat der gjin foarrang jûn waard. Op De Gordyk kaam in autobestjoerder mei de skrik frij neidat er troch de glêdens de macht oer it stjoer kwytrekke wie en tsjin de etalaazje fan in kleanwinkel oanried. It winkelrút rûn flinke skea op.

Trefwurden: 
ûngelok glêdens skea snie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)