Amels giet foar fyfde titel

15 feb 2013 - 10:55

Hy giet op foar syn fyfde Nederlânske titel: heechspringer Douwe Amels út Drachten. Amels pakte earder al twa titels, twa binnendoar en twa bûtendoar. Sneon kin hy foar de tredde kear binnendoar kampioen wurde yn Apeldoarn. Syn iennichste echte konkurrint is Jan Peter Larsen.

Amels hat yn de tarieding drok west mei it feroarjen fan syn oanrin en ferwachtet dat syn persoanlik rekôr fan 2,22 meter ferbettere wurdt.

Trefwurden: 
heechspringen atletyk Amels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)