'Kânsen foar kânsearmen gripe'

Bedriuwen en oerheden moatte minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk mear kânsen biede. Dat sei professor Jouke van Dyk by de presintaasje fan it rapport 'Kansen voor kansarmen' op De Gordyk. Neffens dit rapport binne in soad wurkjouwers - sa'n 60 % - wol ree om minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk in kâns te jaan. Mar in soad fan harren binne ek huverich om minsken út dizze groep oan te nimmen.
Steatssiktaris Klijnsma wol bedriuwen ferplichtsje om 5 % wurknimmers út dizze groep oan te nimmen foar 2015. Wurkjouwers binne tsjin dy ferplichting.
De oerheid sels hat ek fierstente min wurknimmers út dizze kategory. Neffens Jaap Adamse fan it buro Quality Coaching soe krekt de oerheid it goeie foarbyld jaan moatte. Dit buro ûndersocht de miening fan 633 noardlike wurkjouwers oer 'kânsearme' wurknimmers. Yn it Noarden binne der mei-inoar sa'n 89.000 minsken dy't hiel dreech in betelle baan fine en hâlde kinne. Dy groep kinne je net oan de kant stean litte, fynt Jouke van Dyk. Hy tinkt dat twatredde fan dy groep wol wurkje kin en wol, ek al soe it mar yn dieltiid wêze. Dit regelje yn in tiid fan resesje sil net tafalle, jout Van Dyk ta, mar oerheden en wurkjouwers moatte hjir wol mei oan de slach. ''Dit regelje foar 2015 wurdt in toer, mar 2020 moat te dwaan wêze. Troch de fergrizing sil de arbeidsmerk wer oanlûke en de resesje sil ek net altyd duorje.'' Wurkjouwer Daniëlle Zagt fan it bedriuw Bareau fan It Hearrenfean hat bysûnder goeie ûnderfinings mei wurknimmers 'mei ôfstân' ta de arbeidsmerk. Dy binne faak krekt tige motivearre en boppedat binne der regelingen dy't sokke wurknimmers wer goedkeaper meitsje, sa seit se.