Wüst favoryt foar WK titel

14 feb 2013 - 21:09

Fryslân hat dit wykein by it wrâldkampioenskip reedriden yn Hamar de twa absolute favoriten foar de titels oan de start stean. By de manlju is dat fiiffâldich wrâldkampioen Sven Kramer en by de froulju trijefâldich titelhâldster Ireen Wüst. Omdat de blessearre Martina Sábliková net meidocht, is Wüst op papier de sterkste allroundster.

De Hearrenfeanse wûn noch nea in grutte titel yn Hamar. Mar se leaut yn har kânsen en sjocht út nei in baan fol mei Noarske en Nederlânske taskôgers.

Trefwurden: 
WK reedriden Ireen Wüst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)