Strân fan Flylân wurdt ophege

Op Flylân wurdt nije wike begongen mei it opheegjen fan it strân. Oant begjin maaie wurdt dêr ien miljoen kúb sân opbrocht. It opheegjen fan it strân is noadich om de kust wer op peil te bringen.
Troch it oanbringen fan sân op it strân of yn it wetter krekt foar it strân bestriidt Rykswettersteat de strukturele ôfslach fan it strân.