Bankrekkennûmer Clemenstsjerke

It parochybestjoer op It Amelân hat in spesjaal bankrekkennûmer iepene dêr't minsken jild op stoarte kinne foar de herbou fan de ôfbaarnde Clemenstsjerke. De fieringen fan de roomsk-katolike tsjerke op It Amelân wurde de kommende tiid hâlden yn it bygebou neist de tsjerke. Dêrwei sille ek eventuele begraffenissen hâlden wurde. Foar trouwerijen wurdt gebrûk makke fan de protestantske tsjerke yn Nes.
It tsjerkebestjoer giet der fanút dat de tsjerke wer opboud wurde sil en dat brûkere stikken muorre dêr by belutsen wurde sille.
De Stichting Alde Fryske Tsjerken is oanlutsen as adviseur.