Boek oer Woudagemaal

Namme Woudagemaal
Yn it besikerssintrum fan it Woudagemaal op De Lemmer is tongersdei it boek oer it stoomgemaal 'Een leven werelderfgoed op stoom' oanbean oan boargemaster Stellingwerf fan Lemsterlân. It boek jout in oersjoch fan de skiednis fan it gemaal mei in soad aspekten fan it Fryske wetterbehear troch de jierren hinne. Mar ek de technyk fan it gemaal krijt breed omtinken yn it boek, dat útjûn is op inisjatyf fan de Stichting Werelderfgoed.