Fiif jier sel foar dea swalker

14 feb 2013 - 14:45

In 31-jierrige Drachtster moat fiif jier de sel yn foar de dea fan in 46-jierrige swalker op It Hearrenfean. Boppedat krijt er in behanneling en moat er fan de drank en drugs ôfbliuwe. Docht er dat net dan wurdt him TBS oplein. De Drachtster holp in omke by de ôfpersing fan de 46-jierrige swalker fan Snits, twa jier lyn. Beide mannen krigen spul. It 46-jierrige slachtoffer waard dêrby tsjin de holle skopt en slein. De omke moat ek de sel. Hy krige 15 moannen foar syn oandiel yn de ôfpersing.

Trefwurden: 
swalker dea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)