Jild foar fiskmigraasjerivier

Ofslútdyk © Omrop Fryslân
De fiskmigraasjerivier, dy't yn de Ofslútdyk komme moat, krijt goed twa miljoen fan de Nationale Postcode Loterij. It jild is bedoeld foar de oanlis fan in ynformaasjesintrum by de rivier. Dy moat it fisk mooglik meitsje om fan de Waadsee nei de Iselmar te lûken en oarsom. De rivier foarmet dêrby in oergong fan sâlt nei swiet wetter. Koartlyn waard dúdlik dat de oanlis fan de rivier technysk helber is. It giet om in projekt fan it Fryske Gea en de Waadferiening.