36.000 kaarten fan Isabelle

'Ik word warm van jou'. Dat stiet op de Valentijnskaart dy't wethâlder Isabelle Diks oan alle 36.000 húshâldens yn de gemeente Ljouwert stjoerd hat. Op de achterkant fan de kaart ropt Diks de Ljouwerters op om 'de waarmte goed fêst te hâlden'.
Mei de kaart wol Diks it nije enerzjyloket fan de gemeente promoatsje. Fia dit loket kinne alle Ljouwerters foar in lyts pryske in advys krije hoe't se it bêste har hûs duorsumer meitsje kinne. Wa't mear wite wol wurdt trochferwiisd nei Houdiewarmtevast.nl.
Der binne ek subsydzjemooglikheden foar ferskate maatregels om in wenhûs duorsumer te meitsjen en der is ek in 'doch-boek' beskikber foar minsken dy't sels oan de slach wolle. Diks hat nei eigen sizzen al in soad positive reaksjes krigen op har Valentijnsboadskip.