'Ferplicht kenteken trekkers'

As it oan de PvdA yn De Haach leit, komt der in ferplicht kenteken foar trekkers en oar lânbou-ark. Ein dizze moanne stimt de Twadde Keamer dêroer. De boeren binne net bliid mei sa'n kenteken, sa hat belange-organisaasje LTO Nederlân witte litten. Leanwurkers ha der folle minder problemen mei, sa seit noardlik foarsitter Gjalt de Haan fan Cumela, de belange-organisaasje fan ûnder oare dy leanwurkers. Hy sjocht it mear as in stap yn it folle bredere stribjen nei de akseptaasje fan it lânbouferkear op 'e gewoane dyk.
Dêrfoar soe de no jildende snelheidsbeheining fan 25 kilometer yn de oere der ek ôf moatte en moat der in trekkerrydbewiis komme.