Falske oanjefte mishanneling

14 feb 2013 - 10:36

In 28-jierrige Snitser is woansdei troch de plysje heard om't er begjin dizze moanne in falske oanjefte fan mishanneling dien hie. Hy ferklearre earder dat minsken him slein hienen en dat hy dêrtroch in ferwûning oan de holle oprûn hie. De man wekte by it ferhoar de yndruk dat er yn 'e war wie en dat wie foar de plysje oanlieding om de saak fierder te ûndersykjen. By it petear fan woansdei fertelde de man dat er himsels ferwûne hie en dat it net gie om in mishanneling. De plysje hat de Snitser nei in helpynstânsje brocht.

Trefwurden: 
Snits mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)