Kollum skriuwt keningsliet

Gemeente Kollumerlân © Google Streetview
De ynwenners fan de gemeente Kollumerlân c.a. wurdt frege om in liet te skriuwen oer de nije kening en keninginne. It is in wedstryd, útskreaun troch de gemeente en it Oranjekomitee Kollum. De tekst fan it liet moat gean oer de nije kening Willem-Alexander en keninginne Máxima. It mei yn it Nederlânsk, Frysk of yn it Kollumer dialekt. Oant 21 maart kin ynstjoerd wurde.
Yn de earste wike fan april wurdt de winner bekend makke troch de sjuery, ûnder lieding fan boargemaster Bearn Bilker, sels in grut Oranje-leafhawwer. Op keninginnedei sil it liet songen wurde by de aubade yn Kollum.