Ofskaffe OV-kaart Fryske strop
It ôfskaffen fan de OV-kaart foar studinten driget in grutte strop te wurden foar it Fryske iepenbier ferfier. De OV-kaart betsjut 25 % fan de ynkomsten fan trein en bus. As dat fuortfalt kinne maatregels net útbliuwe, seit deputearre Kramer.
De provinsje is op dit stuit dan ek drok oan it lobbyen yn Den Haach om it plan fan tafel te krijen, of yn elts gefal te soargjen foar in goed alternatyf. De Twadde Keamer moat noch te set oer de plannen.