Toerist bliuwt om wynmûne wei

Undernimmers yn Makkum binne bang dat de komst fan wynmûnen nei har gebiet har tweintich oant tritich prosint toeristen kostje sil. Dat seit Ybema fan wettersportorganisaasje HISWA. Makkum is ien fan de seis oant sân lokaasjes oan de Iselmar dêr't mooglik wynmûnen boud wurde sille. It giet om mûnen mei in hichte fan 200 meter. Neffens de ûndernimmers is der yn it foar net mei har oerlein oer it plan. Se fine dat der yn 't foar besjoen wurde moat wat de ekonomyske skea wêze sil. Mooglik komme se op termyn mei skeakleems.