Nyk de Vries nominearre

13 feb 2013 - 15:49

Nyk de Vries is nominearre foar de J.C. Bloem-poëzijpriis 2013 mei syn bondel 'De dingen gebeuren omdat ze rijmen'. De twajierlikse priis fan de gemeente Steenwijkerland is ornearre foar de twadde dichtbondel fan in jonge Nederlânsktalige dichter.

De Fries om utens hat konkurrinsje fan fjouwer oare dichters. De priis wurdt 20 april útrikt en bestiet út 2500 euro.

Trefwurden: 
priis Nyk de Vries nominearre
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)