Ald sulver bút by ynbraak
In snúfdoaske út 1793 is ferline wike tongersdei by in ynbraak yn Harns meinaam. It doaske, dêr't earder snúftabak yn bewarre waard, is makke troch de Snitser sulversmid Jan Pieters Rienstra. Op de ûnderkant stiet de tekst: 'Douwe en Jelle Klaases Hebben Deese Doos Present Gedaan aan GaeleYsbrands 1793.' Ek is yn it hûs oan de Franekertrekvaart in sulveren berteleppel mei de ynskripsje 'AssuerusSikkeBrandsma' stellen en in antyk sulveren beurske. De plysje freget oft minsken witte wêr't it guod is of dat it mooglik te keap oanbean is.