Frou mishannelet duo
De plysje hat tiisdeitenacht in frou fan 30 jier út Ljouwert oanhâlden. Se hie yn in kroech oan De Tunen spul makke. Mei in bierfleske hie se in man en in frou mishannele. De plysje hat de frou meinommen nei it buro en ynsletten foar fierder ûndersyk.