Tefreden oer Dokterswacht

13 feb 2013 - 10:48

Pasjinten binne bot te sprekken oer de Dokterswacht Fryslân. Ut in tefredenheidsûndersyk docht bliken dat der gemiddeld in 8 jûn wurdt. Fierwei de measte minsken fiele har serieus nommen en ek oer de berikberheid binne gjin klachten.

De Dokterswacht ferlient spoedeaskjende help nachts en yn it wykein en 90 persint fan alle húsdokters yn Fryslân is dêrby oansletten. De fiif húsdoktersposten binne festige yn Dokkum, Drachten, It Hearrenfean, Snits en Ljouwert.

Trefwurden: 
dokterswacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)