Snitser bankjes ferwidere

Snits © Omrop Fryslân
Trije bankjes oan de Westersingel yn Snits wurde dêrwei helle. Al jierren krijt de gemeente klachten oer jongeren dy't by de bankjes omhingje en foar oerlêst soargje. It strjitmeubilêr stiet op de rûte fan jongeren dy't nei it sintrum fan Snits gean.
Op fersyk fan omwenners wurde bankjes heal febrewaris ferwidere, gemeente en plysje gean wol troch mei kontrôles.