'Ljip mear yn noed as skries'

It giet mei de ljip noch folle minder as mei de skries en dêrom moatte aaisikers gehoar jaan oan de oprop fan Fûgelbeskerming Nederlân om dizze maaitiid de ljipaaien lizze te litten, dat fynt biolooch Theunis Piersma fan Gaast.
Neffens Piersma ûntbrekt it oan goede mjittingen fan de ljippestân, dy't der foar de skries wol binne. Piersma begrypt net werom der mear aaien socht wurde meie, wylst der in soad sinjalen binne dat it júst striemin giet mei de ljip. Fûgelbeskerming Nederlân die tiisdei in oprop dit jier gjin aaien mei te nimmen.
Yn Ljouwert waard tiisdei diskussieard oer it behâld fan it Frysk kultuerlânskip foar de skries as kening fan de greide. Neffens Piersma ûntbrekt it de ljip oan beskermende ynstitúsjes dy't foar de skries wol aktyf binne.