Sweachster dirigint by marine

12 feb 2013 - 13:59

Peter Kleine Schaars (50) fan Beetstersweach is de nije dirigint fan de Marinierskapel der Koninklijke Marine yn Rotterdam. Hy mei it beropsorkest fjouwer jier lang liede. Kleine Schaars hat sels ea yn de Marinierskapel spile. Dêrfoar hoege je gjin marinier te wêzen, mar Peter Kleine Schaars wie dat wol.

En neffens him hat dat seker holpen by syn sollisitaasje nei de baan fan dirigint fan de Marinierskapel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)