Biskop: fuortgean paus is wiis

Biskop De Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert fynt it fuortgean fan de paus in wiis beslút. De Korte brocht yn oktober noch in besite oan de paus. Fan tichtby wie doe dúdlik te sjen hoe âld dy wurden wie, sa seit de biskop. Neffens De Korte freget it lieding jaan oan de tsjerke om fisike en geastlike krêft, dy't de hjoeddeiske paus net mear hat.
De biskop wol noch gjin oardiel jaan oer de perioade dat de paus oan it haad fan de tsjerke stie. Neffens him is it dêr noch fierste betiid foar. Wol neamt er paus Benedictus in grut teolooch.
Paus Benedictus wie neffens de biskop mear in spiritueel leider as in grut bestjoerder.